Foljebal: Nederlân ferliest wer

© Omrop Fryslân
De Nederlânske manlju's foljebalploech hat tongersdeitemoarn yn Atene opnij ferlern. It team, mei âld-Ljouwerter Richard Schuil, koe it net oprêde tsjin Brazilië. It waard 3-1 foar de Súd-Amearikanen.
De setstannen wiene 25-22, 24-26, 25-21, 25-19. Nederlân nimt it no sneon op tsjin Italië. Om fierder te kommen yn it Olympyske toernoai moat in plak by de earste fjouwer yn de groep helle wurde.