Boaten yn problemen troch wyn

© Omrop Fryslân
Fjoertoer De Brandaris op Skylge hat it tongersdei drok hân mei boaten dy't yn de problemen kamen troch it stoarmige waar. Krekt foar de stoarm koe in jacht mei motorpech de haven binnenloadst wurde. Twa charterskippen mei passazjiers binne ek weromgong nei de haven. Yn de haven fan Flylân ûntstie skea oan boaten dy't by inoar opbotsten. Op 'e Sleattemermar moast de brânwacht in groep kanofarders út it wetter helje.