Ferkeap Iepenloftspul rint goed

19 aug 2004 - 16:05

Fan it Iepenloftspul yn Jorwert binne al fiif fan de alve foarstellings útferkocht. Dat seit de organisaasje. Woansdei is mei de telefoanyske ferkeap út ein set. Minsken koene fia 48 telefoanlinen kaarten bestelle foar it 51e Iepenloftspul.

Dit jier wurdt it stik 'Op hoop van zegen' opfierd, fan skriuwer Herman Heijermans. Minsken dy't noch kaarten ha wolle, kinne tongersdeitejûn ek noch belje. De premjêre is op 25 augustus.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)