Besite keamerleden oan boeren

© Omrop Fryslân
In tal keamerleden hat tongersdei in besite brocht oan boeren yn Noardwest-Fryslân dy't te krijen hân ha mei grutte wetteroerlêst. De delegaasje bestie ûnder mear út CDA-er Annie Schreier, foarsitter fan de fêste keamerkommisje foar Lânbou.
Guon boerebedriuwen yn Frjentsjer, Winaam en Seisbierrum krigen besite. By de besite wiene ek fertsjintwurdigers fan provinsje, wetterskip en NLTO oanwêzich.