Fernieler wurdt 'betanke'

© Omrop Fryslân
In garaazjebedriuw yn Drachten jout op in wat nuvere wize omtinken oan de fernieling fan in rút fan de showroom. It ôfrûne wykein ha ûnbekenden foar de safolste kear besocht in rút yn te smiten. Dat slagge net, mar de rút is wol bot skansearre.
Garaazje-eigner Hofstee hat no mei grutte letters op it skansearre rút de tekst 'Bedankt!' plakt. Hy krijt dêr in soad reaksjes op. Yn en om de garaazje binne yntusken bewakingskamera's ophong.