Soarchmonitor foar risikobern

19 aug 2004 - 13:06

De gemeente Ljouwert set takom moanne út ein mei in registraasjesysteem foar risiko- en soarchbern. It is de bedoeling dat basisskoallen, fuortset ûnderwiis en MBO-ynstellings dizze bern sa better begeliede kinne.

De skoallen kinne bern mei grutte swierrichheden yn de kompjûter sette. Mei de sammele gegevens kinne skoallen en gemeente it belied meitsje. It systeem moat ek foarkomme dat ynstânsjes lâns elkoar hinne wurkje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)