Wurkdruk plysje rint op

19 aug 2004 - 10:51

De wurkdruk by de plysje Midden-Fryslân rint heech op troch de ekstreme misdriuwen yn Ljouwert fan de ôfrûne tiid. Alle plysjeminsken moatte ynset wurde om dy grutte saken oan te pakken. Gefolch is dat oare saken lizzen bliuwe.

Yn july leine der mear as 250 ûnbehannele oanjeftes. It giet om oanjeftes fan ûnder oare mishanneling, dieverij, bedriging en fernieling. De efterstân is fuortwurke yn gearwurking mei it flexteam en it crimeteam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)