Freondinne slachtoffer wie bang

19 aug 2004 - 09:28

Awa, de Ljouwerter dy't ferline wike syn freondinne yn brân stuts, bedrige en sloech syn freondinnen geregeld. Dat wurdt dúdlik út it ferhaal fan Laura út Marssum. It slachtoffer flechte nei har freondinne Laura, neidat se yn 'e brân stutsen wie. Fanwege drigeminten fan Awa doarsten de famkes net dalik medyske help te sykjen.

De mem fan Laura wist net better as dat der in freondintsje bleau te sliepen en der neat te rêden wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)