5000ste flecht SAR-helikopter

18 apr 2013 - 19:05

De SAR-helikopter fan definsje hat tongersdeitemiddei de 5000ste flecht útfierd sûnt de oprjochting fan it 303 Squadron yn 1959 yn Ljouwert. De helikopter moast tongersdei yn aksje komme om in heech swangere frou fan It Amelân nei it sikehûs yn Ljouwert te fleanen.

Dit jier binne der yn de earste trije moannen al in kear safolle minsken mei de helikopter nei it sikehûs brocht as in jier lyn yn dyselde perioade. Yn totaal beskikt de fleanbasis yn Ljouwert oer trije helikopters dy't beskikber binne foar pasjinteferfier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)