Oanpak oergewicht skoalbern
De GGD wol oergewicht ûnder skoalbern oanpakke. De sûnenstsjinst krijt dêrby help fan trije thússoarchorganisaasjes.
De organisaasjes sille nei de simmerfakânsje by skoallen yn de hiele provinsje del om bern te wizen op de risiko's fan oergewicht. De GGD wol ek witte hoe grut it probleem is en oft it grutter wurdt. De ferwachting is dat dit wol it gefal is.