Opsterlân wol mear toeristen

© Omrop Fryslân
Opsterlân set in earste stap om flink mear te dwaan mei it toerisme yn de gemeente. De gemeente lit troch in spesjaal buro ûndersykje wat bedriuwen, it VVV en de Pleatslik Belangen fine fan it idee om mear toeristen te lûken.
No is it benammen Bakkefean dêr't de toeristen komme. Mar neffens it gemeentebestjoer binne der genôch oare plakken yn de gemeente dy't ek de muoite wurdich binne. Ein dit jier is it ûndersyk klear.