Jonge set freondinne yn 'e brân

© Omrop Fryslân
In 16-jierrige jonge út Ljouwert fan Iraaks-Koerdyske komôf wurdt der fan fertocht syn freondinne twa kear yn de brân stutsen te hawwen. De jonge hat it 16-jierrige famke earst oergetten mei terpentine. Nei't sy de flammen dôve hie, stuts er har wer yn 'e brân. Sy soe in oare jonge tute hawwe.
It famke is mei swiere brânwûnen oer- brocht nei it brânwûnesintrum yn Grins. De fertochte sit fêst en is moandei foarlaat oan de rjochter-kommissaris.