Besikers jouwe Snitswike 8,1

© Omrop Fryslân
Besikers fan 'e Snitswike jouwe it evenemint it rapportsifer 8,1. Dat is ien tsiende mear as yn 2003. Ek de bestegingen fan 'e besikers wie heger as ferline jier. Dit jier joech de trochsneed besiker 44 euro 10 út, ferline jier wie dat 39 euro 51.
De gemeente ferklearret de moaie sifers út it moaie waar fan 'e Snitswike. Fierder tinkt de organisaasje dat der dit jier krekt wat mear minsken west ha as yn 2003.