Nije tribunes notaristún Jorwert
Toanielleafhawwers hoege yn Jorwert net mear op hurde houten banken stiif tsjin inoar oan te setten. Nije tribunes mei plastik kúpstuoltsjes moatte it jierlikse toanielspektakel noch oantrekliker meitsje. De tribunes binne no ek steiler, sadat elts goed sjen kin wat der op it toaniel bart.
Jorwert spilet dit jier it ferneamde stik 'Op Hoop van Zegen' fan Herman Heijermans. Der binne alve foarstellings yn 'e notaristún.