Foljeballers ferlieze fan USA

© Omrop Fryslân
De Nederlânske foljebalmanlju hawwe tiisdei harren twadde groepswedstriid by de Olympyske Spullen ferlern. It team fan 'e Feriene Steaten wie mei 3-0 fierstente sterk foar Oranje. De setstannen wiene 26-24, 25-20 en 25-18.
It wie in ôffaller foar de ploech dy't snein noch ferrassend fan Ruslân wûn. Richard Schuil stie yn 'e basis, mar ek hy koe net it ferskil meitsje. Tongersdei spilet Nederlân tsjin Brazilië.