Dochs strjitten neamd nei ferset

© Omrop Fryslân
De strjitten yn de nijbouwyk Thomashof yn Warkum wurde lang om let dochs neamd nei âld-fersetshelden út de stêd. Dat is alteast it foarstel fan B en W oan de gemeenteried.
Earder waarden famyljes al ynljochte dat âld-fersetshelden in eigen strjitte krije soene. Mar de famyljes krigen ôfberjocht om't ferneame net mei, neffens de strjitnammekommisje. Mar nei emosjonele reaksjes fan famylje hat it kolleezje in nije oerwaging makke.