Advysburo foar âlderen winske

17 aug 2004 - 16:07

Yn Smellingerlân moat in advysburo komme dat yn wyksintra en doarpshuzen advys en stipe jout oan âlderen. Dat is de grutte winsk fan de Stichting Welzijn Ouderen yn Smellingerlân.

Oardel jier lang is yn de gemeente in projekt holden mei in saneamde âldereinadviseur. Dy advisearret en helpt âldere minsken mei saken as it oanfreegjen fan in útkearing of syktekostefergoeding. It projekt soe omset wurde kinne yn in advysburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)