Stripper en froulju krije spul

17 aug 2004 - 10:04

In frouljusjûntsje mei in manlike stripper is sneintejûn yn Eanjum út de hân rûn. De froulju hiene de man ynhierd om in feestje wat op te fleuren. Se wiene lykwols net tefreden oer it optreden fan de man en woene dêrom har jild werom.

De man, in 34-jierrige Grinzer waard doe lilk, helle in kneppel út syn auto en bedrige de froulju. In stikmannich jonges bewurke dêrop de auto mei bierfleskes en stuollen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)