Gemeenten besjogge wetteroerlêst

16 aug 2004 - 16:22

De gemeente It Bildt is dwaande mei in ynvintarisaasje fan de skea dy't freed ûntstie troch de wetteroerlêst. Benammen Minnertsgea en Sint Jabik waarden doe troffen en wetter rûn dêr yn de huzen.

Húshaldens dy't net fersekere kinne har melde by de gemeente It Bildt. It is lykwols ûnwis oft dy wat foar har dwaan kin. Menameradiel makket moandei rapport op fan de oerlêst. De skea yn Frentsjerteradiel liket mei te fallen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)