Dales nei Frijheidswyk

16 aug 2004 - 16:17

Boargemaster Dales fan Ljouwert sil nije wike in besite bringe oan de Frijheidswyk. Hy docht dat om him persoanlik op de hichte te stellen fan de problemen.

Yn de Frijheidswyk ha de ôfrûne wike fiif geweldsynsidinten west. Snein rekken twa minsken ferwûne by in stekpartij. It CDA wol dat de wyk oanmerkt wurdt as gebiet mei feilichheidsrisiko. Dan mei de plysje minsken previntyf fûllearje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)