Bysûndere libel op Skier

16 aug 2004 - 16:02

By de einekoer op Skiermûntseach is sneon in seldsume libel-soart fûn. It giet om de weidebeekjuffer (greideblauhynderke). Dy komt yn it suden fan Nederlân wol foar, mar is noch noait sjoen op ien fan de Waadeilannen.

De libel koe fong en filme wurde, wêrnei't er wer frijlitten waard. De weidebeekjuffer hat in swarte flek op syn fleugels en in stielblau lichem.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)