NLTO besjocht skea boeren

16 aug 2004 - 15:03

Boeren yn Noardwest-Fryslân krije moandei fan lân- en túnbouorganisaasje NLTO in formulier wêrop se oanjaan kinne hoe grut de skea is troch de wetteroerlêst fan ôfrûne freed. NLTO wol der sa gau mooglik efterkomme wat it krekte skeabedrach is.

Foar boeren sil it net altiten maklik wêze om de skea te rûzjen. Pas letter yn it seizoen moat bliken dwaan oft gewaaksen ferlern gien binne trochdat it lân ûnder wetter strûpt is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)