Sponsor skrikt fan fal Leontien

16 aug 2004 - 14:35

De meiwurkers fan fytsefabryk Koga Myata op it Hearrenfean binne snein slim kjel wurden fan 'e fal fan Leontien van Moorsel yn Atene. Koga Myata is haadsponsor fan 'e frouljesfytsploech by de Olympyske spullen en hat de fytsen fan ûnder oare Leontien van Moorsel makke.

De meiwurkers ha de ôfrûne tiid yntinsyf kontakt hân mei de fytsploech. Sa't it no liket kin Van Moorsel woansdei wol starte by de tiidrit.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)