Drachtster kriminelen oanpakt

© Omrop Fryslân
De Drachtster plysje sil saneamde veelplegers oanpakke. Drachten folget dêrmei Ljouwert dat sûnt april 35 veelplegers op de hûd sit. Dy binne ferantwurdlik foar it grutste part fan ynbraken, dieverij en fernielings.
De hurdere oanpak bestiet derút dat veelplegers earder foar de rjochter komme, swierder straft wurde en earder de sel yn moatte. Drachten begjint yn november mei it projekt. Yn Ljouwert hat it projekt súkses.