Folleybal Atene: Nederlân wint

© Omrop Fryslân
It Nederlânske folleybalteam mei Richard Schuil fan Ljouwert hat de earste wedstriid by de Olympyske Spullen wûn mei 3-2. De setstannen wiene: 25-23, 19-25, 17-25, 27-25 en 18.16.
De oerwinning is in grutte stunt: Ruslân is ien fan de favoriten foar de titel. Nederlân moat by de earste fjouwer yn de poule einigje om him te pleatsen foar de kwartfinales. Yn de poule sitte ek Australië en Amearika.