Dekker wint brûns by estafette

15 aug 2004 - 16:32

Swimster Inge Dekker fan It Hearrenfean hat sneon mei de froulju's estafetteploech in brûnzen medalje helle by de Olympyske Spullen yn Atene. De froulju waarden tred by de 4 kear 100 meter frije slach, yn it tiid fan 3.37,59.

Dat is in nij Nederlânsk rekord. Se moasten Australië en Amearika foargean litte. Fjouwer jier lyn helle it froulju's estafetteteam noch sulver, mar se swommen doe stadiger as sneon.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)