Betinking hynstedrama op Amelân

15 aug 2004 - 14:23

Op it Amelân waard sneon it hynstedrama fan 1979 betocht. Presys 25 jier lyn ferdronken der acht hynders yn de see, nei't se de rêdingsboat te wetter litten hiene foar in needgefal. As de boat lansearre is, rydt de boatkarre yn in djippe geul en wurde de hynders de golven ynlutsen.

By it monumint waarden krânsen lein troch de boargemaster, de eigners fan de ferdronken hynders en de Koninklijke Nederlandse Reddingsmaatschappij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)