Slachtofferhelp Vrijheidswyk

15 aug 2004 - 14:10

Bewenners fan 'e Vrijheidswyk yn Ljouwert krije snein de kâns om mei helpferlieners te praten oer de sjitpartij fan ferline wike freed. By dat ynsidint skeat in 22-jierrige man in 16-jierrige yn it boarst. Oanslutend die er himsels te koart.

Omdat it foarfal foar in soad opskuor soarge yn 'e wyk is der snein in byienkomst yn it gebou fan it Digitale Trapveld mei slachtofferhelp en minsken fan plysje en de gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)