'Wetterpeil sakket snein'

15 aug 2004 - 13:48

It wetterpeil yn de provinsje sil nei ferwachting yn de rin fan sneintemoarn begjinne te sakjen. Dat seit it Wetterskip Fryslân. Der waard sneon mei alle gemalen en sluzen dy't der binne wetter út de boezem litten.

Tongersdei wiene al de gemalen by Harns, Dokkumer Nije Silen en Zoutkamp yn wurking steld, freed kaam dêr it Hooglandgemaal by Starum by en freedtenacht it Woudagemaal by Teakesyl.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)