Volendam - Cambuur: 4-0

© Omrop Fryslân
SC Cambuur hat sneintemiddei de earste wedstriid yn de Gouden Gids divyzje ferlern. Se ferlearen mei 4-0 yn en tsjin Volendam. Yn de 36e minút skoarde Buys de 1-0. Ketting makke dêr yn de 63e minút 2-0 fan.
Yn de 84e minút waard it 3-0 troch in goal fan Bridji en Steur skoarde yn de 85e minút de 4-0. Der wiene 2482 taskôgers by dizze wedstriid. Giele kaarten wiene der foar Van der Vlag, Bronkhorst en Van Steeg (Cambuur).