Twadde Dokk'em OpenAir súkses

© Omrop Fryslân
De twadde edysje fan it metalfestival Dokk'em Open Air is in grutter súkses as it earste. Twa jier lyn foel it festival yn it wetter. Ek dit jier wiene der problemen mei it wetter: it terrein wie in drekboel. Der koe net parkeard wurde op it gers en de apparatuer moast beskerme wurde tsjin de rein.
It festival wie tige slagge mei mear as 500 besikers. Mar de organisaasje wit noch net oft der in ferfolch komt.