Parkhove en Palet slute frede

14 aug 2004 - 13:53

It skeel tusken de kliïnteried fan ferpleechhûs Parkhove yn Ljouwert en de oerkoepeljende organisaasje Palet is út de wrâld. Palet woe besunigje op de aktiviteitebegelieding om't der minder jild foar komt fan it Ryk. Mar de kliïnteried wie it der net mei is en kaam yn ferset.

De partijen hawwe it skeel útpraat. De aktiviteitebegelieding bliuwt no bestean, mar it tal oeren is wol minder as de kliïnteried graach woe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)