Folksrieplachting spoar útsteld

14 aug 2004 - 11:08

De ynwenners fan Fryslân kinne net earder as yn 2006 har miening jaan oer de komst fan it Suderseespoar. De provinsje wol it rieplachtsjen útstelle fanwege de fertraging yn de politike beslútfoarming oer de oanlis fan it Suderseespoar.

De Twadde Keamer en de Steaten ha noch net ynstimd mei de ôfspraken oangeande de oanlis. Pas as dat bard is, kinne de Friezen har miening jaan oer it spoar. De foarljochting set no wol út ein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)