Gat yn Nijstêd troch rein

© Omrop Fryslân
Op 'e Nijstêd yn Ljouwert sit in grut gat yn de krekt opnij fluorre dyk. It gat is ûntstien troch in lek yn it rioel. De wetterdruk op it rioel is hiel heech om't der safolle reinwetter fallen is. By in lyts lek spielt dan gau in soad sân ûnder de strjitte wei. Mei as gefolch dat de dyk ynsakket.
De hiele Nijstêd wurdt dizze simmer opnij fluorre. Dizze kear komme de Sineeske stiennen yn in laachje beton. It gat sit yn it stik dat al klear is.