Snelboat hellet toeristen op

© Omrop Fryslân
Rederij Doeksen hat freed de Koegel- wieck ynset om ferreinde fakânsje- gongers fan Flylân te heljen. As it reint kinne der likernôch 700 minsken mei op de gewoane fearboat. Op de kade bleaune doe noch 300 minsken stean dy't nei hûs woene. Sûnder ynset fan de Koegelwieck hiene se oant 15.45 oere wachtsje moatten.
Yntusken is in delegaasje fan de NLTO yn it Noardwest-Fryslân oankaam om te sjen nei de skea foar de boeren.