Jeroen de Vos earst op Tsjûkemar

© Omrop Fryslân
Jeroen de Vos helle tongersdei de dei- oerwinning by it IFKS-skûtsjesilen op de Tsjûkemar by Ychtenbrêge. En dêrmei wurdt it klassemint wer in bytsje trochinoar hussele. De eardere oanfierder fan it klassemint, Tony Brundel, kaam as alfde oer de streek.
Middeis helle de wyn oan en drige der in bui. De wedstryd waard dêrom ynkoarte. Sieb Meijer hie noch in aksje by de boppeste tonne wêrtroch Jacob Huisman tolfste waard.