Keunstwurk stellen yn Dokkum

13 aug 2004 - 12:37

Unbekenden hawwe dizze wike in keunstwurk fan in sokkel oan de Stasjonswei yn Dokkum stellen. It brûnzen objekt hat hjir sûnt de ein jierren 60 stien en makke diel út fan in rige fan trije.

De wearde fan it keunstwurk wurdt rûsd op sa'n 25 oant 30.000 euro. De sokkel fan it keunstwurk stiet der noch. Der moat grut materieel oan te pas kommen wêze by de stellerij, want it keunstwurk is hiel swier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)