Nijpels iepenet Fryslân House

13 aug 2004 - 12:24

Kommissaris Nijpels hat tongersdei yn Amsterdam it Fryslân House iepene. It Fryslân House is it mienskiplike ûnderkommen fan 7 Fryske ICT bedriuwen op it Science Park by Amsterdam. De bedriuwen wolle it kantoar foaral brûke foar saaklike besprekkings mei klanten, it wurk wurdt gewoan yn Fryslân dien.

Njonken de sân inisjatyfnimmers kinne ek de 60 oare leden fan 'e Fryske ICT Feriening gebrûk meitsje fan it Fryslân House.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)