Koart pleit tsjin Eye4Care

© Omrop Fryslân
In 49-jierrige frou út Harns dy't al 11 jier kanker hat, wol de behanneling by de klinyk Eye4Care trochsette. Dêrom hat se tongersdei in koart pleit oanspand.
Eye4Care yn Harns is lykwols yn july troch de rjochtbank op de fingers tikt. De klinyk mei 32 medyske behannelings net mear útfiere. Dêrby sit de behanneling dy't de terminale frou krijt. De frou seit baat te hawwen by dizze behanneling.