Skippen fêst yn Turfrûte

12 aug 2004 - 17:39

Troch in technysk mankemint yn de slûzen tusken de Gordyk en Wynjewâld hat de skipfeart yn de Turfrûte tongersdeitemoarn stillein. Trochdat der woansdei yn de omkriten fan Appelskea nochal wat wetter fallen is, wie ien fan de stuwen yn de rûte iepen gongen om it wetter troch te litten.

Dy stuw hie wer ticht gean moatten mar dat is net gebeurd. Dêrtroch is it wetterpeil sa'n 40 sintimeter sakke en kaam in tal skippen fêst te sitten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)