50.000 euro foar projekt 'De Muzyk giet oer de Marren'

26 aug 2015 - 11:36
  • Saksofoan

It projekt 'De Muzyk giet oer de Marren' krijt 50.000 euro fan it Oranje Fonds. Learlingen fan basisskoallen yn Balk en De Lemmer krije de mooglikheid om twa jier lang fergees muzykles te krijen. It giet om learlingen fan de groepen 5, 6 en 7. Se wurde op in boartlike wize yn kontakt brocht mei blaas- en slachwurkmuzyk.

It projekt is in inisjatyf fan muzykferiening Concordia Balk en dirigent Thijs Oud. Doel is om derfoar te soargjen dat der foar de takomst genôch muzikanten binne foar de korpsen yn de regio.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)