50.000 besikers yn swimbad

29 aug 2008 - 21:02

Swimbad Wettervlecke yn Surhústerfean hat juster de 50.000ste besiker hân. Klaas Schievink, dy't elke moarn yn it swimbad baantjes lûkt, wie de 50.000ste swimmer dy't dit jier by it swimbad kaam. Hy hat fan it swimbad in bosk blommen en in abonnemint foar folgjend seizoen krigen.

It iepenloftswimbad is noch twa wiken iepen foar besikers. Nei de winter, op Keninginnedei 2009, geane se wer iepen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)