5000 staazjeplakken socht

31 okt 2008 - 21:14

Der wurde yn Fryslân noch goed 5000 saneamde maatskiplike staazjeplakken socht. Yn Fryslân wurdt it kommende jier in proef dien mei maatskiplike staazjes yn it fuortset ûnderwiis. Doel is dat de jongerein ûnderfining opdocht mei frijwilligerswurk.

Fan 2011 ôf wurdt de maatskiplike staazje in ferplicht ûnderdiel yn it ûnderwiis. Foar it proefprojekt yn Fryslân binne yn totaal 8000 staazjeplakken nêdich. Der binne no sa'n 3000 plakken fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)