5.000 Jehovah's nei it Fean

18 jul 2009 - 11:23

De organisaasje fan it Jehovah's tsjûgen-kongres dat yn augustus op It Hearrenfean hâlden wurdt ferwachtet sa'n 5.000 besikers. It kongres is bedoeld foar Jehovah's tsjûgen út it Noarden fan it lân. Lanlik wurde der sân kongressen hâlden mei as tema 'bliuw wach'.

Dêrmei wurdt doeld op de feroarings dy't de bibel neffens de Jehovah's tsjûgen foar de takomst oanjout. It kongres op It Hearrenfean begjint op 14 augustus yn iisstadion Thialf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)