"500 is tefolle foar Riis"

04 nov 2014 - 16:40
  • Willemijn van der Werf

It doarp Riis kin nea fiifhûndert asylsikers opfange. Dat binne fierstente folle en dat is net goed foar it doarp en net goed foar de asylsikers sels. Dat seit Willemijn van der Werf. Sy hat jierrenlang as frijwilliger ferbûn west oan de opfang foar asylsikers yn Wytmarsum.

Dêr sieten op it hichtepunt sawat hûndert asylsikers en dat koe krekt, sa fynt Van der Werf. Yn Wytmarsum wiene de ynwenners foardat de asylsikers kamen yn it foar ek benaud foar de gefolgen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)