500 fans betinke Riedstra

22 maaie 2009 - 20:12

Sawat 400 oant 500 Cambuursupporters rûnen freed mei yn in betinkingstocht foar Jan Riedstra. Dizze fuotbalbestjoerder en finansjeel rêder fan Cambuur ferstoar tongersdei op 65-jierrige leeftiid.

De supporters rûnen fan it Ruterskertier yn de binnenstêd fia de stamkroech fan Riedstra nei it stadion. By de kroech waard in minút stilte hâlden. Dêrnei waard fjoerwurk ôfstutsen en songen de supporters massaal 'You 'll never walk alone'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)