500 elektryske auto's yn 2012

25 maaie 2010 - 22:26

Oer twa jier moatte yn Fryslân 500 auto's en 700 boaten op elektrisiteit ride en farre. Dat is ôfpraat mei provinsje, gemeente Ljouwert en organisaasjes as de NHL Hegeskoalle, ProRail, Essent en de Stifting Elektrysk Farre Fryslân.

Alle dielnimmers moatte meielkoar ien miljoen euro op it kleed lizze om ferskate projekten te finansieren en út te fieren. Safolle mooglik ûndernimmers wurde frege mei te dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)