50 miljoen foar wenningmerk

28 jun 2013 - 22:09
  • Jild

De steatefraksjes fan PvdA, CDA en FNP wolle in ympuls jaan oan de Fryske wenningmerk troch 50 miljoen euro fan de Nuon-jilden beskikber te stellen. De ympuls moat de wenningmerk wer yn beweging bringe. In soad minsken ha muoite om de finansiering fan in wenning rûn te krijen. Dêr wolle de trije politike partijen mei dit foarstel feroaring yn bringe. Fierders moat de ynvestearring legere lesten opleverje troch duorsumere wenningen.

Ek moat binnen it bedrach fan 50 miljoen euro sjoen wurde nei it behâld fan karakteristike huzen. It foarstel fan de ynvestearring fan 50 miljoen euro Nuon-jild foar de wenningmerk sil dien wurde by de behanneling fan de kadernota 2014 no woansdei yn de steaten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)