50 Miljoen cd's Mozart ferkocht

28 jan 2006 - 12:04

Ljouwerter útjouwerij de Foreign Media Group hat de lêtste trije moanne 50 miljoen cd-boksen ferkocht mei it folsleine wurk fan Mozart. De boks bestiet út 17 cd's en kostet 100 euro.

Direkteur Van Winkel fan de Ljouwerter útjouwerij ferwachtet dat der mei- elkoar 150 miljoen mozart-cd-boksen ferkocht wurde sille. Der is in soad belangstelling foar Mozart. It is freed 250 jier lyn dat de bekende komponist, oargelist en dirigint berne waard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)