50 km te hurd by Wurdum

25 mrt 2013 - 10:31

In 26-jierrige Ljouwerter is sneintemiddei by Wurdum it rydbewiis kwytrekke, omdat er fierste hurd ried. Op it stik dyk wurdt op dit stuit wurke oan de oanlis fan de Heak om Ljouwert. Dêr mei net hurder riden wurde as 70 kilometer yn de oere. De man ried dêr del mei 127, mear as fyftich te hurd. De plysje joech de man in stopteken en naam syn rydbewiis yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)